Gjin wetter yn Súdeast-Fryslân

Yn Súdeast-Fryslân is sneintemoarn in grutte wettersteuring. Yn de Tjongerfallei is in breuk yn de transportlieding ûntstien. Dêrtroch komt yn in sirkel fan sa'n tsien kilometer om it lek hinne gjin wetter út de kraan. De meldings komme ûnder oare binnen fan De Gordyk en Beetstersweach. Tsientûzenen húshâldens ha gjin wetter.
Vitens hat ûnderwilens it plak fan it lek fûn en ferwachtet foar alve oere de breuk reparearre te hawwen.
As de steuring ferholpen is, kin it wetter út de kraan in brune kleur hawwe, warskôget Vitens. Dit komt troch izerparten dy't troch de breuk in oare kant op streame. Neffens it wetterbedriuw is dit net skealik foar de sûnens.