Epke op jacht nei twadde goud

12 okt 2014 - 09:24

Epke Zonderland docht sneintemoarn syn bêst om syn WK titel fan ferline jier te ferdigenjen. De turner is favoryt op it WK yn Nanning. Earder dit jier wûn er it EK al op syn ûnderdiel rekstôk en Zonderland is de regearjend Olympysk kampioen. Grutste konkurrinten binne de Sinees Zhang Chenglong en de Japanner Kohei Uchimura.

Zonderland turnet deselde oefening as dêr't er ferline jier wrâldkampioen mei waard, mei twa kear twa flechteleminten, mar hy hat ek noch alternativen efter de hân.

Ien dêrfan is syn Olympyske oefening mei trije flechteleminten efter elkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)