Skiep dea by kantele feewein

By Lauwerseach is sneontemiddei in frachtwein yn de berm telâne kaam. Fyftjin skiep binne dêrby omkaam. It bergjen hat in tal oeren duorre en de Marnewei wie ticht foar alle ferkear.
De 24-jierrige sjauffeur ried op de Marnewei yn de rjochting fan Fryslân en rekke de macht oer it stjoer kwyt en ried in talúd ôf. Doe kantele de wein en lei swier skansearre tusken de beammen. Brânwacht, plysje en de eigener laden sa'n 100 skiep oer yn in oare frachtwein. De sjauffeur mankearre neat. De feewein rekke folslein fernield.