Drachtster Boys wint fan WHC

11 okt 2014 - 16:29
  • Trainer Fred de Boer fan Drachtster Boys

Drachtster Boys pakte sneon in 3-1 oerwinning op WHC. Yn Wezep holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. De grutste kâns wie foar Sicco Bouwer dy't der net yn slagge de WHC-keeper te ferrassen. Op slach fan rêst soarge Saïd Hassan dochs foar de Drachtster foarsprong.

Nei rêst kaam WHC op likense hichte trochdat in skot fan rjochting feroare waard en dêrmei keeper Jarno de Jonge ferraste. Tsien minuten foar tiid besoarge Rudmer Loonstra mei twa moaie treffers syn ploech de fertsjinne oerwinning.

De ploech fan trainer Fred de Boer komt troch de winst op 9 punten út 6 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)