FNP tsjin wynmûnen op lân

11 okt 2014 - 16:05

In grutte mearderheid fan de FNP-leden stiet achter it belied dat fierd wurdt oangeande wynenerzjy. Op in bysûndere ledegearkomste yn Wurdum stimden fan de 127 oanwêzige leden ien lid tsjin en trije ûnthâlden har fan stimming. De Frysk Nasjonale Partij bliuwt troch de útslach tsjin de bou fan nije wynmûneparken op it Fryske lân. De foarkar giet út nei pleatsing fan mûnen op of neist de Ofslútdyk.

De FNP wol om 'e tafel mei koälysjepartners CDA en PvdA om te sjen hoe't dy der yn steane. It definitive beslút wurdt 17 desimber nommen.

It ôfrûne moandei presintearre advys fan de kommisje Winsemius waard op de gearkomste fan tafel fage. De kommisje tinkt dat de helte fan de nije mûneparken op lân komme kin en de oare helte yn de Iselmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)