PvdD: net sâltwinne ûnder Waad

11 okt 2014 - 14:43

De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren yn Grinslân ropt alle waadprovinsjes op om yn ferset te kommen tsjin de sâltwinning ûnder de Waadsee. De partij tinkt dat de winning de natuer- en kustfeiligens yn gefaar bringt. Ek soe de Waadsee no al bot te lijen hawwe ûnder de aktiviteiten op it mêd fan fiskerij, gaswinning, skulpwinning en baggerwurk.

De PvdD slút him mei dizze krityk oan by ûnder oaren de Waadferiening, de Fûgelbeskerming en Natuermonuminten. Sy hawwe in online-petysje opset tsjin de sâltwinning ûnder it Waad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)