Enerzjyloket yn Jouster park

Griene stroom © Omrop Fryslân
De âlde parkwachterswenning fan Park Heremastate op De Jouwer is freed iepene as enerzjyloket. Lokale ûndernimmers hawwe it húske yn acht wiken tiid omboud ta in enerzjy-sunige wenning. Ek binne dizze minsken yn it loket oanwêzich om ynwenners fan De Jouwer tips te jaan. De wenning is middeis iepen op tiisdei, woansdei en tongersdei. Ek wurde der de kommende moannen ferskate tema-jûnen organisearre.