Arno Brok: wiis mei Keningsdei

Arno Brok is der wiis mei dat kening Willem-Alexander takom jier jier in besite bringt oan syn Dordrecht. De âld-wethâlder fan Ljouwert en âld-boargemaster fan Snits is sûnt 2010 boargemaster fan Dordrecht. De kening hat sneon bekend makke dat er dêr takom jier hinne sil. Keningsdei is dan yn nije styl, sa komt it defilee werom as feestlike 'grande parade' mei muzyk, sport, kultuer en design.
Keningsdei is takom jier op 27 april. Dat hat de kening syn jierdei.