Rappe riders beboete

11 okt 2014 - 12:56

By ferskate kontrôles yn Gerkeskleaster, Damwâld en Ingwierrum binne freed 113 minsken beboete om't se te rap rieden. De measte oertrêdings binne makke op de Saatsenwei yn Ingwierrum. Dêr rieden 72 fan de 344 automobilisten te hurd. Ien bestjoerder ried 181 kilometer yn de oere, wylst 80 tastien is. Op de Doniawei yn Damwâld binne 25 hurdriders trappearre en op de Verlaatsterwei yn Gerkeskleaster 16.

Trefwurden: 
plysje kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)