Missy nei Ynje yn in strip

11 okt 2014 - 12:32

De 87-jierrige Fokke Dijkstra út Snits is ien fan de persoanen yn it nije stripboek 'Op Missie'. Dat wurdt sneon presintearre op 'e Stripdagen yn Breda. It boek fertelt tsien ferhalen fan oarlochsfeteranen fan ferskillende missys en is troch ferskillende striptekeners makke. Fokke Dijkstra syn ferhaal giet oer Nederlânsk-Ynje, dêr't er yn 1946 op missy hinne moast, tekene troch Eric Heuvel.

Opdrachtjouwer is it Nationaal Comité Veteranendag en doel is om de strips te brûken op basisskoallen en yn it fuortset ûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)