FNP praat oer wynmûneparken

11 okt 2014 - 12:12

Leden fan de FNP prate sneon oer nije wynmûneparken. Dat dogge se achter sletten doarren. It partijbestjoer en de FNP steatefraksje binne tsjin de bou fan nije wynmûnen op lân. Yn stee dêrfan meie der wynparken komme by de Ofslútdyk en it klaverblêd by It Hearrenfean.

Op in ekstra ledegearkomste yn Wurdum kinne de leden har hearre litte oer dit stânpunt.

Trefwurden: 
FNP wynmûnepark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)