Sutelaksje Tsjil: 33.000 euro

De sutelaksje fan Stifting Tsjil hat goed 33.000 euro opsmiten. Dêrmei is de aksje, sa't it no liket, like súksesfol as de âlde sutelaksje fan 2008. Dy sutelaksje, fan It Fryske Boek, is doe ôfskaft, ûnder oare om't it net mear fan dizze tiid wêze soe. Ek gie de opbringst alle jierren achterút.
Op inisjatyf fan Fryske skriuwers is de sutelaksje nij libben ynblaasd ûnder de flagge fan Stifting Tsjil. Dy hat seis wykeinen lang Fryske boeken sutele yn ferskate doarpen. Oft takom jier wer in sutelaksje komt fan Tsjil, is noch ûndúdlik.