Fryske B&B's yn lanlike finale

Bêd en Brochje Lytshuis Zilver yn Peazens-Moddergat © www.lytshuiszilver.nl
De Bêd en Brochjes Lytshuis Zilver yn Peazens-Moddergat en Linde Zathe yn Nijlân binne nominearre foar de Nederlânske Bed&Breakfast priis 2014. Dat hat de ynspeksjekommisje fan de Pronkkamers bekend makke. De twa Fryske B&B's stride mei La Belle Meuse út Limboarch om de titel. Op 4 novimber is de finale.
De Pronkkamers is in lanlike organisaasje dêr't sa'n santich lúkse, lytse B&B's by oansluten binne.