Kwelder brûke by heger peil

Diken hoege net heger makke te wurden, as de seespegel omheech giet troch klimaatferoarings. Dat seit ûndersiker Jantsje van Loon-Steensma fan de Wageningen Universiteit. Yn guon gefallen kinne ek kwelders ynset wurde om de heger wurdende see tsjin te hâlden. Van Loon-Steensma promovearre ôfrûne woansdei op dit ûnderwerp. Wêr't de polityk fuort tinkt oan it ferheegjen fan diken, kinne natoer en lânskip ek brûkt wurde yn de striid tsjin it hegere wetterpeil. Benammen yn it Waadgebiet lizze mooglikheden neffens de ûndersiker.