Brands direkteur poppoadium

Harmoniekertier Ljouwert
Janpier Brands út Drachtsterkompenije wurdt mei yngong fan 1 jannewaris direkteur fan it nije poppoadium Harmoniekertier yn Ljouwert. Brands (47) is gjin ûnbekende yn de Ljouwerter kultuerwrâld. Al sûnt de oprjochting fan de Ljouwerter popakademy yn 2003 is er belutsen by dit projekt. Ek hat er wurke by Eurosonic Noorderslag, poppoadium Simplon yn Grins en as muzikant.
Njonken direkteur Brands is ek bekend makke wa't yn it stichtingsbestjoer fan it Harmoniekertier sitte. Dat binne Dagmar van den Berg, Arend Schenkel, Foppe van der Veen en Mark Gjaltema.