Ynbraak yn âld-gemeentehûs

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige Lemster is sneontemoarn betiid oppakt om't er ynbrutsen hie yn it eardere gemeentehûs fan De Lemmer. De man wie it gebou oan de Vissersburen ynslûpt en hie ferskate foarwerpen stellen.
De plysje krige in melding oer de ynbraak en hat mei ûnder oaren in plysjehûn in sykaksje holden yn it gebou. Dêrby waard de Lemster yn it eardere gemeentehûs oantroffen. Hy sit fêst.