Brân yn wenhûs Rotstergaast
Oan de Schoterwei yn Rotstergaast hat freed brân yn in wenhûs west. It fjoer ûntstie rûnom de pipe fan de skoarstien. Om't meardere etaazjes fol mei reek stienen, wie de brânwacht manmachtich yn aksje kaam. It fjoer wie gau ûnder kontrôle.