Cambuur leit kaartferkeap stil

10 okt 2014 - 16:55

De kaartferkeap foar de wedstriid Willem II-Cambuur giet foarearst net los. Cambuur makket mei dizze aksje beswier tsjin de buskomby-regeling, dy't foar dizze wedstriid oplein is. De Cambuur-supporters soenen hjir de dupe fan wurde.

De Ljouwerter fuotbalklup stjoert ynkoarten in brief nei de boargemaster fan Tilburch. Dêryn wurdt de boargemaster frege om ôf te sjen fan de regeling. De wedstriid Willem II-Cambuur is op 2 novimber, en de kaartferkeap soe moandei begjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)