Provinsje kiest 7 snieskowers

10 okt 2014 - 16:01
  • De provinsje hat kontrakten ôfsletten mei sân ûndernimmers

De provinsje Fryslân hat mei sân Fryske bedriuwen kontrakten ôfsletten foar it sniefrij hâlden fan de diken. It kontrakt is twa jier jildich en kin dêrnei mei nochris twa jier ferlingd wurde.

It giet om de oannimmers- en transportbedriuwen Hovenga út Dokkum, Jansma en Van Dijk/Pijnacker út Hurdegaryp, De Vries út Stiens, Oenema út Donkerbroek, Wisman út Wolvegea, Van der Meer út Skearnegoutum en de Haarsma Groep út Tsjerkwert. Elk bedriuw hat syn eigen gebiet dêr't it de glêdens bestride sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)