"Besetting yn hjerst ridlik"

Fryske ûndernimmers yn de toerismebrânzje ferwachtsje in ridlike besetting yn de hjerstfakânsje te krijen. Dat blykt út in peiling fan marketing-organisaasje Merk Fryslân. Sa binne hotelkeamers en fakânsjewenten al knap beset en tinke restauranthâlders in aardige omset te draaien.
Benammen yn de hjerstfakânsje boeke minsken faak op it lêste momint in koarte fakânsje of in dei fuort. It waar spilet dêr in grutte rol by. Ut de peiling fan Merk Fryslân blykt ek dat de measte ûndernimmers oer it algemien best tefreden binne oer it hiele jier.