Harkemaster bedriget de plysje

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige man fan De Harkema hat tongersdeitemiddei de plysje bedrige mei in mes. Dat barde op de Roggekamp yn syn wenplak. By de plysje wie in melding binnenkaam dat de man agressyf wie. Doe't de plysje-aginten by it adres kamen, waarden se troch de fertochte bedrige mei in mes.
Mei help fan pepperspray koe de man oanholden wurde. Hy is meinaam nei it plysjeburo.