Nije flier Aris krekt op tiid

10 okt 2014 - 14:00
  • De nije flier fan basketbalklup Aris

De basketballers fan Aris spylje sneon harren earste thúswedstriid fan it nije seizoen. It wurdt de earste wedstriid yn de folslein renovearre basketbalhal fan It Kealledykje. Oan it begjin fan 'e wike wie it noch spannend oft de hal wol hielendal klear wêze soe. De nije flier moast nammentlik út Amearika komme en troch it minne waar op see rûn it ferfier fan de flier fertraging op. It kaam allegear dochs noch goed.

Freed wurdt de nije flier oanlein yn It Kealledykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)