Roemenen fêst foar stellerij

Boeien © ANP XTRA
De plysje hat tongersdeitemiddei trije Roemenen oanholden. De manlju rieden op de A7 by Tsjalhuzum. By in kontrôle die bliken dat se tassen yn de auto hienen mei guod dat stellen wie by drogisterijen yn Ljouwert, Dokkum en Grou. It gie ûnder oare om toskeboarstels en kosmetika.
De trije Roemenen binne oanholden en ynsletten. It stellen guod is werombrocht nei de winkels.