Alden starte art.12-proseduere

De âlden fan de 24-jierrige studint dy't omkaam by de grutte brân oan De Kelders yn Ljouwert wolle in saneamde artikel 12 proseduere oanspanne. Mei de proseduere wolle se fia it gerjochtshôf berikke dat justysje de eigeners fan de gebouwen ferfolgje sil. Earder joech justysje oan dat net te dwaan.
De âlden fan de jonge binne ferbjustere dat it fjoer him sa hurd ferspriede koe oer de âlde gebouwen. Se sizze dat yn de dokumintêre 'Under fjoer, brân op de Kelders yn Ljouwert' fan Dieuwke Kroese. Omrop Fryslân stjoert de doku kommend wykein út.