Ried tsjin wynmûnen Dronryp

10 okt 2014 - 12:33
  • Yn de Noarderpolder by Dronryp steane al fiif wynmûnen

De gemeenteried fan Menameradiel is der poer op tsjin dat der fjouwer megawynmûnen fan 135 meter yn de Noarderpolder by Dronryp komme. Dizze megamûnen soene soargje foar oerlêst en hoarizonfersmoarging. De gemeenteried is boppedat ferrast troch de plannen. Foar de simmer stimden se noch yn mei de renovaasje fan de fiif mûnen dy't no al yn de polder stean. Dat der plannen wiene foar fjouwer gruttere eksimplaren hiene se net tocht.

De Noarderpolder is ien fan sân de lokaasjes dy't troch de kommisje-Winsemius oanwiisd is as wynpark.

Der is noch gjin fergunningoanfraach binnen by de gemeente. Piet Drost fan Gemeentebelangen skat yn dat dy ek net goedkard wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)