Drachtster (17) stelt auto
In 17-jierrige jonge út Drachten is tongersdeitejûn op de Boargemaster Wuitewei yn syn wenplak oppakt om't er in auto stellen hie. De auto wie eigendom fan in bedriuw op It Hearrenfean. Yn de auto trof de plysje boppedat in oantal stellen kentekenplaten oan.
De plysje stelt in ûndersyk yn om út te finen wêr't de stellen nûmerbuorden weikomme.