Kollumerlân ferheget OZB flink

10 okt 2014 - 11:07

Kollumerlân ferheget de OZB-belêsting foar wenningeigeners mei 18 prosint. It gemiddelde taryf giet fan 188 nei 225 euro. De gemeente moat takom jier mei 1,4 miljoen euro minder ta en moat dêrom ekstra ynkomsten hawwe.

Ek wurdt der flink besunige yn de soarchhoeke. Om't de regels foar de Wmo stranger wurde, ferwachtet Kollumerlân minder soarchoanfragen. Dit moat in besparring fan goed 4 ton opsmite. Oare besunigings binne in fakatuerestop by de gemeente, in legere bydrage foar de wurkfoarsjenning en gjin ynflaasjekorreksje.

De fakatuerestop by de gemeente moat 65.000 euro opsmite, de legere bydrage foar de wurkfoarsjenning moat 241.000 euro besparje en de streek troch de ynflaasjekorreksje sil goed wêze foar in besparring fan 197.000 euro.

Trefwurden: 
Wmo OZB besunigje Kollumerlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)