Jacobi bliuwt yn Twadde Keamer

10 okt 2014 - 10:26

Lutz Jacobi bliuwt yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Jacobi sei dat yn reaksje op de útslach fan de listlûkersferkiezing fan de partij foar de Provinsjale Steateferkiezings yn maart takom jier. Jacobi helle 48 prosint fan de stimmen en ferlear dêrmei fan deputearre Jannewietske de Vries, dy't 52 prosint fan de stimmen krige. De tredde kandidaat Roel de Jong spile gjin rol.

Jannewietske de Vries wurdt dêrmei de nije listlûker fan de PvdA. Jacobi fynt it spitich dat se ferlern hat en sjocht har takomst no yn de Twadde Keamer.

Mei-inoar hawwe sa'n 1000 fan de 3000 PvdA-leden yn Fryslân stimd op in kandidaat. It opkomstpersintaazje lei op 34 prosint. Yn oanrin nei de útferkiezing wienen der wol wat problemen, om't in soad leden net fia ynternet stimme koenen. Dêrom moasten sy in papieren stimbiljet brûke om te stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)