B&W oerlibbet Lawei-moasje

It kolleezje fan b. en w. fan Smellingerlân hat tongersdeitejûn in moasje fan wantrouwen oerlibbe. Dy wie yntsjinne troch de opposysje. Dy fynt dat it kolleezje folle mear en better iepenheid fan saken jaan moat oer de problemen by de bou fan de skouboarch. De moasje fan wantrouwen helle it net: 14 foar en 17 tsjin.
De Lawei hat in konflikt mei bouwer Van Norel. De oannimmer soe gjin goed wurke levere hawwe en is troch De Lawei oan de kant set. It bouterrein is dêrnei troch de oannimmer ôfsletten en de ferbouwing leit noch hieltyd stil.