SW-Fryslân tsjin mûnen yn mar

09 okt 2014 - 21:03

De gemeente Súdwest-Fryslân wol gjin wynmûnepark yn de Iselmar en in earliker ferdieling fan mûnen oer de provinsje. De gemeente seit dat yn in reaksje op it Winsemius-rapport dat moandei ferskynde. Yn Súdwest-Fryslân binne fjouwer lokaasjes oanwiisd. De gemeente wol gjin park yn de Iselmar, omdat it rekreative en ekonomyske belang fan dat gebiet te grut is foar de provinsje.

Boppedat fine se dat gemeenten lykas Smellingerlân, Ljouwert en Hearrenfean ek in bydrage leverje kinne oan it tal megawatts dat oan wynenerzjy levere wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)