Museumkongres Collectie Boppe

It museumkongres dat dizze wike hâlden wurdt yn de Harmonie is in prachtige kâns om Ljouwert Kulturele Haadstêd te presintearjen oan de musea fan Nederlân. Dat seit Saskia Bak, direkteur fan it Fries Museum en museum Princessehof. Bak jout in presintaasje op it kongres en yn it Frysk Museum wurde workshops organisearre. It tema fan it twa dagen duorjende kongres is dit jier Collectie Boppe, in knypeach nei it Fryske karakter fan it kongres dit jier.
Neffens in op it kongres presintearre rapport moatte musea kieze foar in dúdlik eigen profyl en in werkenbare kolleksje.