Wurk sykje fia de golfbaan

09 okt 2014 - 19:04

It UWV hat tongersdeitemiddei wurksykjenden yn kontakt brocht mei minsken út it wurkfjild. Dat waard op in orizjinele wize dien, troch te netwurkjen op de golfbaan. Wurkjouwers waarden oan trije of fjouwer wurksykjenden keppele, dêrnei giene se de golfbaan yn Suderbuorren yn Ljouwert op. Dêr koenen se neist it golf prate oer bygelyks wurk.

It UWV hopet dat de kontakten dy't op de golfbaan lein wurde, liede sille ta in baan. Der dienen tsien bedriuwen en tritich wurksykjenden mei oan dizze netwurkmiddei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)