Fermist: man út Ljouwert (65)

Sippe Bandstra út Ljouwert wurdt fermist © Plysje Fryslân
De plysje is op syk nei tips oer de fermissing fan in 65-jierrige man út Ljouwert. De man wurdt sûnt 29 septimber fermist. Hy hie op de dei fan syn fermissing nei alle gedachten in blauwe spikerbroek en in boesgroen oan.
De Ljouwerter rint min en brûkt in blauwe rollator. De man sjocht der ûnfersoarge út. Hy hat griis hier en wurdt al wat keal. De plysje freget minsken om te beljen as se de man sjoen hawwe.