Larsson behannele yn Sweden

09 okt 2014 - 15:24

SC Hearrenfean-spiler Sam Larsson is de ôfrûne dagen yn syn heitelân Sweden behannele oan de blessuere oan syn skynbonke. De oanfaller krige yn Göteborg in laserbehanneling. Dit wykein giet er op 'e nij nei syn bertelân foar in twadde behanneling. De fysioterapeut fan Hearrenfean hopet dat Larsson fan nije wike ôf wer oan syn herstel wurkje kin.

Goed nijs foar Hearrenfean is dat it talint Szabolsc Varga wer op de wei werom is. De oanfaller kaam ôfrûne wike, nei in knibbelblesuerre, yn aksje foar Jong Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)