Alliade fertinkt ek Witteveen

© ANP
Soarchgroep Alliade wegeret foarearst om taksybedriuw Witteveen út De Lemmer in bedrach fan 250.000 euro te beteljen foar it riden fan taksyritten foar it hendikepteferfier. Alliade wol earst alle ynformaasje oer de ritten dy't Witteveen de lêste fiif jier foar Alliade riden hat.
Alliade tinkt dat Witteveen sjoemele hat mei de kilometerfergoeding, lykas taksybedriuw Oenema fan It Hearrenfean. It skeel tusken Alliade en Oenema wurdt tongersdei behannele yn in koart pleit troch de rjochtbank fan Ljouwert.