Ferrassingsbesite fan kening

Kening Willem-Alexander hat tongersdei in ferrassingsbesite brocht oan de frijwilligersorganisaasje AanZet yn Ljouwert. De kening wie dêr om't AanZet earder dit jier it saneamde 'Appeltje van Oranje 2014' fan it Oranje Fonds wûn.
AanZet helpt psychysk kwetsbere minsken oan frijwilligerswurk, sadat se mear selsfertrouwen krije en eventueel trochstreame kinne nei betelle wurk. De kening prate ûnder oare mei de dielnimmers fan AanZet en krige in rûnlieding. Dêrby seach er hoe't de frijwilligers bygelyks twaddehânsk kompjûters opknappe.