Wurkstraf foar deadlik ûngelok

09 okt 2014 - 14:31

De skipper fan it frachtskip dy't ferline jier op it Prinses Margrietkanaal by Grou in deadlik ûngelok feroarsake, hat fan de rjochter in wurkstraf krigen fan 120 oeren ûnder betingst. By it ûngelok kamen in 64-jierrige frou en har 67-jierrige man út Lottum om it libben.

It frachtskip fear oer de kruser fan it stel hinne. De skipper seach harren net. Dat kaam ek om't hy de mêst foar op it skip, mei dêryn in kamera, omleech hie.

Der wie in wurkstraf fan 170 oeren easke. Dat de rjochter in legere straf opleit, hat der mei te krijen dat de skipper bekend stiet as soarchfâldich. Hy hat ek in soad spyt. Sa hat de man in portret fan it ferûngelokke stel yn syn stjoerhutte hingjen om him der op te wizen dat er foarsichtich wêze moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)