Thúsfront IS-missy yn spanning

De missy fan militêren fan fleanbasis Ljouwert nei Irak hat in soad ynfloed op it personiel en de famylje fan de militêren. Dat seit kommandant Gerbe Verhaaf fan de fleanbasis. Fan de goed 250 minsken dy't dêr binne, komt 92 prosint fan de Ljouwerter fleanbasis.
Troch warskôgings fan it kabinet om wach te wêzen, is de spanning by de thúsbliuwers no heger as by oare missys. Mei om dy reden is ôfrûne wykein in earste thúsbliuwersdei organisearre. Dêr wurde de famyljeleden bypraat oer de missy en it plak der't de militêren ferbliuwe.
Neffens Verhaaf is it moreel ûnder it personiel heech. Mei man en macht ha de militêren de ôfrûne wiken oan it wurk west om sa gau as mooglik operasjoneel te wurden. Dat is yn in wike tiid slagge. De omstannichheden yn Jordanië binne swier. Sa moat it personiel oernachtsje yn tinten, krekt no't it reinseizoen elk momint begjinne kin.