Soad huzen ferkocht yn simmer

Yn Fryslân binne de ôfrûne simmermoannen hast likefolle huzen ferkocht as in fearnsjier earder: 1009 om 1025. En dat is opmerklik, fynt de NVM, want de simmerperioade is tradisjoneel in rêstige tiid foar makelers. Wol binne der grutte ferskillen yn de provinsje.
Sa sakke it tal ferkeapen yn it suden en noardeasten fan Fryslân yn fergeliking mei earder dit jier. Mooglik spilet mei dat doe it grutte wenoffinsyf fan de provinsje wie, tinkt Albrecht Kok fan de NVM. It noardwesten en benammen Ljouwert dogge it just hiel goed.
Albrecht Kok is fierder yn it algemien posityf oer de ûntwikkelings op de merk. It hie neffens him noch wol better kinnen, mar sjoen it feit dat de wenningmerk oardel jier lyn noch op in djiptepunt siet, fynt er dat makelers no net kleie meie.