Trije ûntslaggen by plysje

09 okt 2014 - 10:16

Trije meiwurkers fan de plysje Noard-Nederlân hawwe dien krigen fanwege slim plichtsfersom. It trijetal is disiplinêr straft, sa meldt de plysje tongersdei. Untslach is neffens in wurdfierder in swier middel. Wat de trije meiwurkers krekt dien hawwe en wat harren funksje wie, wol er net sizze. Wol is dúdlik dat se los fan inoar yn de fout gong binne.

Yn it algemien binne foarbylden fan plichtsfersom it net goed omgean mei plysje-eigendommen, lykas in auto of wapen, it net goed ôfhanneljen fan ûndersiken of ûnskiklik gedrach yn privétiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)