Studinte yn finale MBO-striid

Studinte Ellen Grondijs (19) fan de Friese Poort yn Drachten is yn de race om MBO-útblinker fan 2014 te wurden. Mei njoggen oare finalisten is sy tongersdei te gast op it útblinkersgala yn Den Bosch. Dêr wurdt de winner bekend makke.
Ellen, studinte fotografy, is troch har dosinten nominearre om't se in hiele goede staazje rûn hat by it fotoblêd Zoom.nl. Dêr hat se njonken fotografy ek fideo's yntrodusearre. En dat wie in grut sukses. As Ellen wint, is se in jier lang fertsjintwurdiger fan it MBO en krijt se in award en 2500 euro.