Ljouwert start glêskampanje

08 okt 2014 - 20:43

Sa'n 30% fan it glêsôffal yn Ljouwert komt net yn de glêsbak. De gemeente is dêrom útein set mei de kampanje 'Glas in 't bakkie'. Neffens wethâlder Isabelle Diks bedarret der goed 8 kilo glês per húshâlden net yn de glêsbak.

Om minsken te stimulearjen glês nei de glêsbak te bringen, wurdt it har sa maklik mooglik makke. Sa is it net mear nedich om de glêzen ferpakking skjin te meitsjen en mei it lid of dop op de glêzen bliuwe. Oan de Tynjedyk yn Ljouwert waard woansdei in VIP-tinte delset foar minsken dy't glês nei de glêsbak brochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)