"Bou Thialf giet gewoan troch"

Trije fan de fjouwer kommissarissen fan Thialf binne opstapt, mar de bou fan it iisstadion giet gewoan troch. Dat sei deputearre Hans Konst yn in spesjale ferklearring oer de situaasje by Thialf.
Joop Atsma, Anne Hettinga en Geert Kuiper stapten op om't sy de risiko's fan de bou te grut fine. Se tinke dat it iisstadion djoerder wurdt as begrutte en meitsje har soargen oer de planning. Direkteur Derks fan Thialf hat - tsjin it sin fan de kommissarissen yn - dochs it kontrakt mei de oannimmer tekene. Reden foar it trijetal om op te stappen.
De provinsje Fryslân is de grutste oandielhâlder fan BV Thialf. Deputearre Hans Konst stiet yn it konflikt oan de kant fan de direksje fan Thialf. Konst fynt it spitich dat de kommissarissen opstapt binne, mar is it net mei harren iens dat de risiko's te grut binne.
Konst sil nije kommissarissen sykje as ferfangers fan Atsma, Hettinga en Kuiper. It opstappen fan de kommissarissen is net goed foar de namme fan Thialf, seit Konst, mar de deputearre fynt it wichtiger dat de nijbou trochgiet en it nije iisstadion yn de rin fan 2016 oplevere wurde kin.
Woansdei binne Provinsjale Steaten - achter sletten doarren - ynformearre oer de bysûndere situaasje by Thialf. De twadde grutte oandielhâlder fan Thialf is de gemeente Hearrenfean. De riedsleden fan de gemeente wurde woansdeitejûn ynformearre oer de situaasje by Thialf.