Fryske hynders net mishannele

Hynder © ANP XTRA
Der komme by de Fryske plysje in soad meldings binnen fan minsken dy't tinke dat harren hynder mishannele is. Yn Grinslân en Drinte is in hyndermishanneler aktyf. It lêste jier binne al tsientallen hynders mishannele. Eigeners binne dêrom ekstra alert op ferwûnings by har hynders. De bisteplysje nimt de meldings tige serieus, se ha mei bistedokters al ferskate hynders ûndersocht. Oant no ta wie der gjin sprake fan ferwûnings dy't troch minsken tabrocht binne. It liket derop dat de hyndermishanneler net aktyf is yn Fryslân.