Kuier-app foar Ljouwert

08 okt 2014 - 17:03
  • Mei de app komme de toeristen op de moaiste plakjes

It Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) en de histoaryske feriening Aed Levwerd komme freed mei in fergese app mei kulturele kuiers troch it sintrum fan Ljouwert. De app is bedoeld foar toeristen en oare belangstellenden en lit de moaiste plakjes fan de stêd sjen. Ferskate musea en erfguodynstellings binne ek taheakke oan de app. Al kuierjend fertelt de app ferhalen en toant filmkes oer de skiednis.

De apps mei de nammen 'Leeuwarden Topmonumenten' en 'Highlights Leeuwarden' binne fan sneon 11 oktober ôf te downloaden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)