Ljouwert test op tagonklikheid

08 okt 2014 - 16:55

Dôve, bline en lichaamlik hendikepte minsken hawwe woansdei útsocht hoe tagonklik de binnenstêd fan Ljouwert is foar minsken mei in beheining. Op inisjatyf fan de wurkgroep Toegankelijkheid Leeuwarden giene se de Ljouwerter binnenstêd yn om te sjen hoe't de foarsjennings binne. Yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert en de provinsje teste se de winkels.

Yn 2018 moat der yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd in boekje ferskine oer hoe freonlik de Ljouwerter winkels binne foar minsken mei in beheining.

De útkomsten fan woansdei wurde foarlein oan de ûndernimmers. Se kinne dan sjen hokker ferbetterings eventueel nedich binne.

Trefwurden: 
Ljouwert tagonklik rolstoel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)