Strjitfuotbalfroulju huldige

Boargemaster Ferd Crone huldiget woansdeitemiddei it frouljus-strjitfuotbalteam foar dak- en thúsleazen út Ljouwert. De fuotbalfroulju pakten yn septimber de Dutch Street Cup by it NK strjitfuotbal foar dak- en thúsleazen. Yn de finale waard grutte favoryt Amsterdam ferslein. De fuotbalfroulju fan Ljouwert geane ynkoarten nei Sily dêr't fan 19 oant en mei 26 oktober it WK strjitfuotbal holden wurdt. Hjir dogge 70 lannen oan mei.