Wüst rydt gjin 5-kilometers

08 okt 2014 - 16:35

Ireen Wüst sil it kommende reedrydseizoen gjin ôfsûnderlike 5 kilometers mear ride. Dat meldt de NOS woansdei. Wüst lit de 5000 meters by de ôfstânskampioenskippen en by de wrâldbekertoernoaien sjitte. Op de Europeeske en wrâldkampioenskippen komt se wol op de langste ôfstân yn aksje. De rydster fan Team Continu wol har takom seizoen benammen rjochtsje op de EK en WK allround en de WK ôfstannen. Doel is om boppedat in wrâldrekôr te riden op de 1500 meter.

Trefwurden: 
reedriden Ireen Wüst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)