Stêdebân Sm'lân en Namibië

08 okt 2014 - 14:44

De Ljouwerter Jaap Ruurd Feitsma sil trije wiken nei Afrika om dêr foto's te meitsjen foar de gemeente Smellingerlân. De gemeente hat in stêdebân mei Gobabis yn Namibië. Takom jier bestiet dy stêdebân 20 jier en dêrom wurdt der dan in lanlik kongres organisearre. Jaap Ruurd Feitsma giet nei Afrika om foto's te meitsjen foar dat kongres. Hy sil de ferskate ûntwikkelingsprojekten fan de gemeente yn it Afrikaanske lân fêstlizze, lykas de oanlis fan wetterfoarsjennings en húskes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)