Earste peal Fryske Akademy

08 okt 2014 - 14:20

Yn de tún fan de Fryske Akademy oan de Grienewei yn Ljouwert is woansdei de earste peal slein foar de nijbou. It giet om in kombinaasje fan nijbou, ferbou en restauraasje fan de monumintale gebouwen oan de Doelestrjitte. As earste wurde de fûneminten fan de nijbou oan de Grienewei lein. Oanslutend wurdt sealesintrum It Aljemint ferboud ta wurkplakken foar de meiwurkers fan de Akademy en wurdt de nijbou realisearre oan de Grienewei.

As lêste wurde de âlde gebouwen oan de Doelestrjitte restaurearre. It giet om in projekt fan 7 miljoen euro.

De meiwurkers fan de Fryske Akademy moatte salang de ferbou duorret ynskikke. Ek hat de direksje guon meiwurkers frege om tydlik thús te wurkjen. Direkteur Hanno Brand spruts de meiwurkers fan de Akademy ta by de earste peal. Hy is bysûnder bliid dat nei 8 jier fan plannen meitsjen de bou lang om let los is. De Fryske Akademy hat de ôfrûne jierren jild en meiwurkers ferlern troch besunigings. Brand beskôget de nijbou oan de Grienewei as in 'nije start' foar it wittenskiplik ynstitút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)